Einlik fytspaad Warten

12 jun 2012 - 21:13

Boarnsterhim en Ljouwert sette ynkoarten útein mei de tariedings foar in nij fytspaad tusken de stêd en Warten. Minsken kinne dalik fan en nei Suderbuorren ta. It fytspaad is fjouwer-en-heale kilometer lang en moat yn de maitiid fan takom jier klear wêze.

Beide gemeenten kinne der no mei oan 'e gong omdat der no romte foar is; in boer is ferpleatst. De ferwachting is dat der in soad gebrûk fan makke wurde sil. De ferbining is in stik koarter en feiliger as de hjoeddeistige rûte. Ek wurdt de omjouwing fan Earnewâld better ûntsletten.

(advertinsje)