Van Bekkum boargemaster Sm'lân

12 jun 2012 - 20:00

De gemeenteried fan Smellingerlân draacht de 45-jierrige Tjeerd van Bekkum foar as nije boargemaster. De ried folget dêrmei it unanime advys fan de fertrouwenskommisje op. Se hawwe der betrouwen yn dat Van Bekkum yn de ûnderhannelings oer de weryndieling in stevich lûd hearre litte kin. Ek tinke se dat er goed wurk dwaan kin foar de wurkgelegenheid en de ekonomyske groei yn de gemeente.

Tjeerd van Bekkum is berne en opgroeid yn Drachten. Van Bekkum is op dit stuit noch boargemaster fan de Grinslanner gemeente Mearum.

De foardracht fan de gemeenteried sil oanbean wurde oan de minister fan ynlânske saken. It úteinlike beslút foar de boargemasterspost wurdt makke troch de Keninginne, dy't it advys fan de minister folget.

(advertinsje)