Jansen yn rft fan LIMIS

12 jun 2012 - 19:18

Ald-deputearre Siem Jansen is de nije foarsitter fan de ried fan tafersjoch fan LIMIS. LIMIS is in trainings- en ekspertsintrum op it mêd fan komplekse laparoscopische sjirurgy, ek wol knoopsgatte-yngrepen neamd.

LIMIS wurket ûnder oare gear mei sjirurgen fan sikehûs it MCL yn Ljouwert. Jansen hat ûnderfining as tafersjochhâlder yn ûnder oare de soarchsektor.

(advertinsje)