Gjin sukses beachfollyballers

12 jun 2012 - 19:11

It is beachfollyballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor net slagge om tiisdei it grandslam-toernoai yn Moskou te winnen. De manlju moasten it yn de lêste wedstriid opnimme tsjin de Brazilianen Alison Cerutti en Emanuel Rego. Se ferlearen mei 16-21 en 27-29.

Schuil en Nummerdor sjogge lykwols posityf werom op it toernoai. It folgjende toernoai is yn Rome. Ein july dogge de beachfollyballers mei oan de Olympyske Spelen yn Londen.

(advertinsje)