Hoop foar Aris

12 jun 2012 - 17:33

Foar de Ljouwerter basketbalklup Aris is wer hoop. It kolleezje fan b. en w. is ree om garant te stean foar in liening fan oardel ton. Neffens wethâlder Ekhart soe it skande wêze as Aris net mear meispylje kin yn de Nederlânske earedivyzje. Dat driget no't koartlyn de haadsponsor him weromluts. Probleem dêrby is dat Aris him foar 15 juny mei in slutende begrutting ynskriuwe moat by it basketbalbûn.

Boargemaster en wethâlders fan Ljouwert binne ree in garantstelling te jaan, mar jouwe woansdeitejûn it lêste wurd oan de riedskommisje.

Trefwurden: 
Aris basketbal
(advertinsje)