Utstalling Nova Zembla yn 3D

12 jun 2012 - 17:22

Oer Nova Zembla komt in 3D-tentoanstelling. Under oaren de provinsje Fryslân, de Ryksuniversiteit Grins, de NHL, Gameship Ljouwert en Stichting Expeditieschip Willem Barentsz wurkje mei oan it projekt. De tentoanstelling wurdt keppele oan de werf yn Harns dêr't op dit stuit wurke wurdt oan in replika fan it skip de Willem Barentsz.

De provinsje jout goed 190.000 euro oan it projekt. It projekt hat as doel om de bân dy't Fryslân hat mei Willem Barentsz op de kaart te setten.

(advertinsje)