Undersyk nei Vuelta yn Fryslân

Vueltadelegaasje © Omrop Fryslân, Roelof de Vries
De provinsje Fryslân lit foar 22.500 euro in helberheidsûndersyk dwaan nei in Fryske Vuelta etappe. De Vuelta is in Spaanske hurdfytswedstriid, ien fan de trije grutste yn de wrâld.
Yn de mande mei de provinsje Drinte wurdt sjoen oft der in mooglikheid is om ien of twa etappes yn Fryslân te hâlden. In pear moanne lyn kaam in delegaasje fan de Vuelta al nei ús provinsje ta om de mooglike rûtes te besjen.