Boeren bale fan lânboubelied

12 jun 2012 - 16:40

Fryske boeren dy't oan natuerbehear dogge, hawwe it net stean op it nije lânboubelied út Brussel. Sy kinne folle mear foar de natuer betsjutte as de foarstellen fan Brussel no mooglik meitsje en it kin ek nochris goedkeaper.

Dat stiet yn in brief dy't ek út namme fan koepelorganisaasje de Noardlike Fryske Wâlden stjoerd is nei steatssekretaris Bleker fan Lânbou dy't neffens de boeren dy ferkearde Europeeske oanpak stipet.

Ien fan de foarstellen is dat boeren aanst in behoarlik stik lân hielendal net mear brûke meie om in fergoeding te krijen foar it behear fan de natuer. Mar neffens de boeren is net goed fêstlein hoe't dat de natuer helpe moat.

(advertinsje)