Reorganisaasje Heineken
De reorganisaasje by Heineken hat ek gefolgen foar it personiel by de fêstiging yn Drachten. De drankprodusint skrast lanlik santich arbeidsplakken omdat yn de hoareka minder útjûn wurdt.
Hoefolle minsken har baan kwytreitsje yn it ferkeap- en distribúsjesintrum yn Drachten is net dúdlik. Der wurkje no 100 minsken dy't har dwaande hâlde mei de ferkeap, logistyk en finânsjens.