SWF moat wetterwegen baggerje

Yn in grut tal wetterwegen yn de gemeente Súdwest-Fryslân is te lang net baggere. Dat docht bliken út in inventarisaasje fan de gemeente. Under oaren by Arum, Wytmarsum, Boalsert en Starum moatte kanalen wer op de goeie djipte brocht wurde. By Snits, Drylts en Aldegea moat baggere wurde om stankoerlêst oan te pakken.
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders freget de ried dêrom om ekstra te ynvestearjen yn baggerwurk yn de gemeente. It giet yn totaal om goed 500.000 euro