DE wer notearre oan de beurs

12 jun 2012 - 15:50

Kofjefabrikant Douwe Egberts is sûnt tiisdei wer notearre oan de Amsterdamske beurs. Yn oanwêzichheid fan premier Rutte iepene topman Michiel Herkemij de hannel mei de tradisjonele gongslach. De iepeningskoers wie tiisdeitemoarn om acht oere, doe't de hannel begûn, acht euro.

DE Masterblenders 1753, sa't it fan oarsprong Jouster bedriuw tsjintwurdich hyt, wie oant healwei de jierren tachtich ek al beursnoteard. Fan tiisdei ôf kin offisjeus hannele wurde yn it oandiel.

De echte notearring folget op 9 july, as it bedriuw definityf ôfsplitst is fan it earder memmebedriuw Sara Lee.

Trefwurden: 
De Jouwer beurs Douwe Egberts
(advertinsje)