Keunstwurken ûnder tachtich Fryske brêgen

Under tachtich brêgen yn de provinsje hinget dizze simmer keunst. Tweintich fan dy keunstwurken binne makke troch 'gewoane' Friezen. Se hawwe meidien oan de wedstriid 'Brug, Brêge, Bridge' fan de Fryske Miljeu Federaasje. It is de bedoeling dat wachtsjen foar iepensteande brêgen sa wer leuk wurdt.
De winnende foto's binne keazen út in lytse 250 ynstjoeringen. Se hingje it folsleine farseizoen ûnder de brêgen. It projekt is ûnderdiel fan LF2018, Kulturele Haadstêd.