Caparisstakers yn TT-hal Assen

01 nov 2011 - 11:51

450 fan de 2.500 meiwurkers fan Caparis stake tiisdei. Al oardel jier hawwe de wurknimmers fan de sosjale wurkfoarsjenningen gjin CAO meer. De besprekkings rûnen yn maart 2010 fêst. Der wurdt yn de TT-hal yn Assen aksje fierd foar it wer oppakken fan de ûnderhannelings én, as it even kin, leansferheging. De aksje stiet ek yn it ramp fan de oansteande besunigings op de sosjale wurkfoarsjennings yn 2013. Op termyn driigje in soad banen yn de sektor te ferdwinen.

(advertinsje)