Hake genietet op earste dagen: "Groep oogt fris en gretig"

Hy hat noch mar twa dagen foar de groep stien, mar de nije Cambuur-trainer René Hake is no al ûnder de yndruk fan de seleksje. Freed is de earste wedstriid ûnder lieding fan Hake. Dan spilet Cambuur thús tsjin Go Ahead Eagles. "Ik heb vandaag wel genoten, de groep oogt fris en gretig. Dat beviel me wel. Er zit een goeie schwung in het team.''
Problemen
Der binne noch wol wat problemen dy't Hake en syn stêf oplosse moatte. Furdjel Narsingh en Nigel Robertha binne blessearre en Jordy van Deelen is noch siik. Trochdat ek Karim Rossi lang út 'e rûlaasje is, is benammen de spitsposysje in probleem. Martijn Barto liket de logyske man yn de punt fan de oanfal, mar dêr kin Hake noch gjin dúdlikheid oer jaan. Fierder sil de nije trainer net in soad feroarje yn de opstelling.
Mooglik debút foar Crowley
Fan de nije spilers sit Daniel Crowley al wol by de seleksje, wylst Kenny Teijsse noch net wedstriidfit is en dus freed ûntbrekke sil. Tsjinstanner Go Ahead Eagles stiet op it sechtjinde plak yn de Jupiler League mei seis punten minder as Cambuur. "Go Ahead heeft veel nieuwe spelers en die zijn nog niet 100 procent op elkaar afgestemd'', mient Hake. "Maar ze hebben voorin goede spelers die het verschil kunnen maken.''
"Mooi om te beginnen met een thuiswedstrijd"
It debút fan Hake sil plakfine yn it Cambuurstadion en dêr sjocht er nei út: "Ik vind het mooi om te beginnen met een thuiswedstrijd. Ik ken het Cambuurpubliek en het is mooi dat er zoveel mensen komen.''