Drijfhout baas Technyk NHL

De 51-jierrige Hans Drijfhout wurdt de nije direkteur fan it Ynstitút Technyk fan de NHL Hegeskoalle. Op dit stuit is Drijfhout direkteur fan twa fêstigings yn de technysk-yndustriële tsjinstferliening yn Noard-Nederlân. Ien fan de saken dêr't de nije direkteur him mei dwaande hâlde sil, is it driigjende tekoart oan goed technysk personiel.
Drijfhout folget Jan Steenmeijer op dy't mei yngong fan 1 augustus oan it wurk giet as foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer by it Eemsdeltakolleezje yn Grinslân.