Naaiatelier It Hearrenfean is wer iepen nei brân

01 feb 2018 - 13:07

In healjier nei de brân yn syn naaiatelier op It Hearrenfean hat Ali Sepet de doarren fan syn saak wer iepen. Hy is der op foarút gien. Noch altyd yn it sintrum fan It Hearrenfean, tichtby syn grutste klanten. De nije saak is grutter en ljochter as de foarige.

Op 22 july ferline jier ûntstie der brân yn de waskerij fan syn saak. De oarsaak is noch altyd net hielendal dúdlik. Nei't alle fersekeringsprosedueres ôfwikkele wiene, koe Sepet twa moanne lyn in oar gebou hiere. Nei in ferbouwing is syn saak no wer iepen.

Sepet is de minsken op It Hearrenfean tige tankber foar alle stipe dy't er krigen hat. Op 21 febrewaris sil de nije saak offisjeel iepene wurde troch boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean.

(advertinsje)
(advertinsje)