UPDATE: Meardere auto's botse op de Wâldwei by Drachten

01 feb 2018 - 12:53

De ûngelokken op de Wâldwei oan it begjin fan de tongersdeitemiddei binne nei alle gedachten ûntstien troch in stevige hagelbui. Der gebeurden by de de ôfslach Drachten-Noard yn in koart skoftsje tiid trije ûngelokken. Meardere auto's rekken yn de middenberm. Sa't it no liket binne der gjin minsken ferwûne rekke. Troch de ûngelokken ûnstiene yn beide rjochtingen files.

Trefwurden: 
ûngelok Wâldwei Drachten
(advertinsje)