Driuwend jild nedich om tsjerketoer Skearnegoutum te rêden

01 feb 2018 - 12:17

As der net genôch jild ophelle wurdt, moat de toer fan de Martenstsjerke yn Skearnegoutum plat. It hout yn de toer rottet fuort en by in ynspeksje die bliken dat it net mear feilich is. Foar 2019 moat der 100.000 euro ophelle wurde. Op it stuit stiet de teller op 25.000 euro, mei troch in donaasje fan doarpsbelang Skearnegoutum. In grut part fan it jild wurdt brûkt om de stegers del te setten. Dizze moatte hielendal ta it topke om de toer hinne boud wurde.

It tsjerkebestjoer besiket no om mei konserten yn 'e tsjerke en ferskate donaasjeaksjes de rest fan it jild byinoar te sammeljen. Ek wurdt der sjoen oft de tsjerke oanspraak meitsje kin op subsydzjes, lykas bygelyks dy fan de provinsje. Yn it meast ekstreme gefal moat de spits fan de toer ôf, mar de rintmasters fan de tsjerke hawwe betrouwen dat der genôch jild ophelle wurdt foar kommend jier.
 

Trefwurden: 
Skearnegoutum tsjerke
(advertinsje)
(advertinsje)