Undersyk nei etappe yn hurdfytsronde, wat mei it kostje?

01 feb 2018 - 11:27
Foto: ANP

Is twa ton net tefolle jild om te ûndersykjen oft it mooglik is om in etappe fan in grutte hurdfytsronde nei Fryslân te heljen? Dat freget de steatefraksje fan de ChristenUnie him ôf. As parkoers is eventueel de fernijde Ofslútdyk yn byld. It soe dan gean moatte om in etappe yn de Tour de France, de Giro d'Italia of de Vuelta (De Ronde fan Spanje).

Twa ton foar in ûndersyk is al in soad jild neffens de partij. De werklike organisaasje soe noch folle djoerder wurde. Sa koste it binnen heljen fan in Tour-etappe de gemeente Utrecht al 25 miljoen euro. De ChristenUnie lûkt in fergelyk mei it NK fjildriden yn Surhústerfean. Dat koe net op in soad jild rekkenje. Om dy reden soe der earst in bettere diskusje plakhawwe moatte oer de fraach oft twa ton foar in ûndersyk net oerdreaun is.

Trefwurden: 
hurdfytsronde ChristenUnie
(Advertinsje)
(Advertinsje)