Dief pikt fyts fan frou dy't ferwûne rekket by fytsûngelok
In ûngelok op de Blokhúsbrêge yn Ljouwert, pakte woansdeitenacht foar in 20-jierrige frou út de stêd ekstra ferfelend út. Se gie ûnderút mei har fyts en rekke ferwûne oan de holle. De frou is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Har fyts waard op slot setten, mar letter die bliken dat dy stellen wie.