Arriva as earste mei fjouwer fossylfrije bussen

01 feb 2018 - 09:49

As earste ferfierder yn it iepenbier ferfier yn Nederlân, rydt Arriva Touring mei fjouwer bussen op fossylfrije brânstof. De Q-liners ride tusken Drachten en Grins. De duorsume diselferfanger soarget foar sawat 90 persint minder CO2-útstjit.

It brânstofferbrûk fan de bussen wurdt in jier lang byhâlden. Fierder wurde sjauffeurs en reizgers frege nei harren ûnderfinings.

Yn in jier tiid wurdt sa'n hûnderttûzen liter fossylfrije brânstof brûkt.
 

(advertinsje)
(advertinsje)