De Fryske Marren krijt mooglik in parkearfûns

01 feb 2018 - 08:57

De gemeente De Fryske Marren krijt mooglik in parkearfûns. De gemeenteried stimde woansdeitejûn mei in grutte mearderheid yn mei in moasje oer neier ûndersyk nei de mooglikheid fan sa'n fûns. Sa'n fûns moat derfoar soargje dat de gemeente oantrekliker wurdt foar ûndernimmers.

Wannear't ûndernimmers har yn de gemeente fêstigje wolle, kin it parkearjen nochal ris in tûkelteam wêze. Bygelyks as in bedriuw nij bouwe wol, kinne der te min parkearplakken wêze. It parkearfûns moat dat foarkomme, is it idee fan de inisjatyfnimmers. Undernimmers stoarte jild yn dat fûns. De gemeente kin dêr dan parkearplakken foar oanlizze.

"It is in ekstra mooglikheid om foar te kommen dat der net boud wurde kin. Want oars wolle bedriuwen har miskien net fêstigje yn de gemeente", seit CDA-riedslid Geeske Holtrop Hoekstra. "Wy wolle as gemeente achter de ûndernimmers stean. Wy wolle wurkgelegenheid en gjin leechsteande gebouwen. As in ûndernimmer eat wol, dan wolle wy meitinke oer oplossingen. Dat is in sinjaal dat wy ôfjaan wolle."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)