VC Snits útskeakele yn heale finale bekertoernoai

31 jan 2018 - 22:51

De follybalsters fan VC Snits binne woansdeitejûn yn de heale finale fan de beker útskeakele troch Eurosped út Vroomshoop. It waard 1-3 foar de besikers, mei setstannen fan 25-27, 19-25, 25-20 en 22-25. De Snitser follybalfroulju stienen yn de earste set mei 22-20 foar, mar gienen dochs mei 25-27 ûnderút. Eurosped pakte ek de twadde set. De ploech wie dêrmei nei 49 minúten al wis fan it berikken fan de bekerfinale.

De útwedstriid waard earder ek al mei 3-1 yn sets ferlern. Om fierder te gean hie Snits woansdei fjouwer sets winne moatten, mar dat slagge net.

Trefwurden: 
VC Snits follybal Eurosped
(advertinsje)