Hieltyd mear jongere minsken lûke út Fryslân wei

01 feb 2018 - 06:00

Der binne hieltyd minder jongeren yn Fryslân, en de ferwachting is dat dy tendins yn de takomst him fierder trochset. Dat meldt it Fries Sociaal Planburo op basis fan in ûndersyk nei de 'steat fan de Fryske jongerein'. Dêr docht út bliken dat jonge minsken dy't yn Fryslân bliuwe, langer thús wenje as dat se sels wolle, dat se faak in lege oplieding hawwe en dat it noch mar de fraach is oft der yn de takomst genôch wurk foar harren is. Dat binne in pear konklúzjes út it ûndersyk. In jier lang hawwe de ûndersikers dêrmei dwaande west.

Thús by heit en mem

Mear as de helte fan de Fryske jongeren wennet by heit en mem thús, mar in grut part fan harren soe graach selsstannich wenje wolle, meldt it FSP. Benammen jongerein mei in fleksibele baan op MBO-nivo kin hast net oan in hûs komme. Trochdat se finansjeel gjin wissichheid hawwe, komme se faak net yn de beneaming foar in hypoteek. De regeljouwing op dat stik fan saken is de lêste jierren stranger wurden. In hierwente is ek amper te besetten. De wachtlisten binne lang en de hier is faak heech.

Op termyn ferwachtet it planburo wol dat der mear wenningen te keap oanbean wurde fanwegen de fergrizing, mar dat binne faak grutte frijsteande huzen. De wenten dy't no it eigendom binne fan 70-plussers, binne net de wenten dêr't jongeren ferlet fan hawwe.

Legere ambysje yn Fryslân

Yn trochsneed nimt it opliedingsnivo ta, lanlik likegoed as yn de provinsje, mar dêr't lanlik sjoen sa'n 44 persint fan de jongerein in havo- of vwo-diploma hat, is dat yn Fryslân mar 37 persint. It FSP ferklearret dat ferskil troch te wizen op de ambysjes fan âlden en learkrêften. Dy lizze yn Fryslân leger as yn de rest fan it lân.

Foldwaande wurk?

Net elkenien profitearret derfan dat de arbeidsmerk wer oanlûkt. Jongeren mei in MBO-2 oplieding, of leger, hawwe it dreech. It is in kwetsbere groep, meldt it FSP. It is noch mar de fraach oft der yn de takomst genôch wurk foar harren is. Troch technologyske ûntwikkelingen soene banen op legere nivo's ferdwine kinne, en de fraach nei fakminsken kin sterk feroarje, warskôget it FSP.

(advertinsje)
(advertinsje)