Keepster Loes Geurts makket rentree by Göteborg

31 jan 2018 - 22:22

Keepster Loes Geurts fan Hichtum makket ynkoarten har rentree op it fuotbalfjild. De 32-jierrige Geurts hat in kontrakt tekene by Kopparbergs/Göteborg FC yn Sweden. By dy ploech spile se inkelde jierren earder ek al. De fuotbalster hold de ôfrûne simmer tydlik op mei fuotbaljen, om't se der efkes klear mei wie. Se bleau wol yn Sweden, om nei te tinken oer wat se krekt dwaan woe.

Geurts siet de ôfrûne simmer by it Europeesk kampioenskip op de reservebank en spile oant har tydlike stop by Paris Saint-Germain yn Frankryk. Wannear't se wer har earste offisjele wedstriid keepe sil, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Loes Geurts fuotbal Göteborg
(advertinsje)