FIDEO: Ljochtkeunster test alfêst ynstallaasje op Saailân

31 jan 2018 - 22:19

Op it Saailân yn it sintrum fan Ljouwert wurde op dit stuit tests dien mei de ljochtynstallaasje Waterlicht fan keunstner Daan Roosegaarde. Fan tongersdei ôf oant en mei it wykein is it ljochtkeunstwurk te sjen op it plein, yn it ramt fan Kulturele Haadstêd. De show is frij tagonlik en is alle jûnen oant sawat alve oere te sjen. Roosegaarde syn Waterlicht is al earder fertoand by de ôfsluting fan de renovaasje fan de Ofslútdyk. 

Omrop Fryslân stjoert tongersdei live op Facebook in diel fan de ljochtshow út.

(advertinsje)
(advertinsje)