Aris net fierder yn bekertoernoai

31 jan 2018 - 21:42

De basketballers fan Aris binne woansdeitejûn útskeakele yn it bekertoernoai. De ploech fan coach Tony van den Bosch ferlear yn sporthal it Kealledykje mei 84-49 fan de besikers út Den Bosch. De Ljouwerters kamen al gau op in flinke efterstân. By rêst stie it 22-42 yn it foardiel fan de gasten. Nei it skoft wie Aris net by machte werom te kommen. Den Bosch ferdûbele de skoare en soarge foar in flinke nederlaach foar de Ljouwerter basketballers.

Aris komt sneon wer yn aksje. Dan is Den Bosch nochris de tsjinstanner. Dat giet dan wol om in kompetysjewedstriid.

Trefwurden: 
Aris basketbal
(advertinsje)