Fryske Mole kriget profesjonele status fan it ryk

31 jan 2018 - 21:24

Stichting De Fryske Mole wurdt tenei oanmurken as 'Profesjonele Organisaasje foar Monumintebehâld'. De stichting krige de saneamde POM-status fan it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip. Om dêrfoar yn oanmerking te kommen, moat de stichting oan ferskate betingsten foldwaan. Sa wurdt ûnder oare sjoen nei hoe't de behearde monuminten derby stean, en oft de stichting finansjeel sûn is.

De Fryske Mole is de twadde mûnestichting yn Nederlân dy't de POM-status kriget. Yn Noard-Nederlân hawwe allinne de stichtingen Alde Fryske Tsjerken en Oude Groninger Kerken dy erkenning.

Foarsitter Wiepke Schukken fan De Fryske Mole is tige wiis mei de profesjonele status. ''Wij zien het als een erkenning van de resultaten die de vrijwillige molenaars en de besturen sinds de oprichting van De Fryske Mole in 1970 hebben bereikt.''

Trefwurden: 
stichting De Fryske Mole
(advertinsje)
(advertinsje)