Friezen stjoerden kij nei Seelân nei Wettersneedramp

31 jan 2018 - 19:30

Seelân makket him klear foar de betinking fan de Wettersneedramp dy't dit jier 65 jier ferlyn barde. Tongersdei is der in betinking. Yn nacht fan 31 jannewaris op 1 febrewaris brutsen de diken troch, omdat it stoarmwaar en springtij wie. Súd-Hollân en West-Brabân waarden ek troffen. By de oerstreamingen kamen 1836 minsken om it libben. De ynformaasje oer de omfang fan de ramp kaam traach op gong, mar doe't de minsken ienkear troch hiene hoe slim oft it wie, begûnen ek yn Fryslân helpaksjes fan de grûn te kommen.

Kij foar Seelân

It wie de grutste ramp yn Nederlân sûnt 1570, waard ferslachjouwer Geert van Tuinen fan Omrop Fryslân gewaar op Tresoar yn Ljouwert. De krante kopte: Grotere spontaneïteit zag men zelden. "Der kamen bysûndere helpaksjes ta stân", fertelt direkteur Bert Looper fan Tresoar. "It moaiste wie de boeren út de eardere gemeente West-Dongeradeel. Sy stelden 35 kij beskikber, 25 pinken, 13 skiep, 30.000 kilo hea, 187.000 biten, 7000 kilo kuilgers en 14.000 kilo biks. Dat hiene se yn in pear dagen byinoar en dat is nei de kollega's yn Seelân brocht."

"Mar it bûn fan Fryske keunstners kaam ek yn aksje", foeget Looper deroan ta. "Sy leveren wurk yn dat ferkocht wurde koe, dêr't útstallingen fan makke wurde koene en de entreejilden giene dan nei Seelân ta."

Opmerklik inisjatyf yn Wurdum: De bern dêr makken fan snie in grutte kollektant dêr't de Wurdumers harren donaasjes hinne bringe koene.

Radio-amateurs

De kommunikaasje oer de ramp wie hiel dreech. Radiostjoerder wiene net yn de loft en telefoanferkear wie ek dreech of net mooglik. "In omke fan my", fertelt sosjaal geograaf Meindert Schroor, "kaam út Harns en hy wurke doe by de HTM, de Haagse Trammaatschappij. Hy wie in fûleindich radio-amateur. Lykas in hiel soad oare minsken dy't in amateurstjoerder hiene, is hy nei Seelân gien om mei te helpen, omdat de kommunikaasje hielendal op de rêch lei."

"Us master fan de legere skoalle fertelde hoe't it doe gie",  seit Bert Looper. "Earst kaam der in berjochtsje dat der wat mis wie. Dêrnei moasten se de hiele dei wachtsje op nijs oer de ramp yn Seelân. Unfoarstelber dat dat sa traach gie. Der giene oeren en oeren oerhinne foardat de rest fan Nederlân troch hie wat der bard wie."

Kollektive eangst

De ympakt fan de ramp wie hiel grut. Ien kear hiene se yn de gaten hoe grut oft de ramp wie. It is de kollektive eangst dy't wy hawwe foar it wetter. Dan wurdt in snaar rekke dêr't elkenien in djippe eangst by fielt en tinkt "No moatte wy wat dwaan."

Wetter yn Harns

"De grutste wettersneedramp dy't wy yn Fryslân hân hawwe wie yn 1776", seit Meindert Schroor dy't sels ek út Harns komt. "Doe stie it wetter oant yn de binnenstêd fan Harns. Dat is noch goed te sjen. Yn in pear gebouwen oan de Noarderhave sitte stiennen ynmitsele dy't oanjouwe hoe heech oft it wetter kaam."

"Mar der wiene mear wettersneedrampen. Yn 1825 waard it súdwesten fan Fryslân troffen troch oerstreamingen. En dan wie der yn 1570 de Allerhilligenfloed. Fjouwer jier letter wie it wer safier. En dan komt it ferhaal fan Capsar de Robles (de Stiennen Man) yn byld dy't minsken twingt de diken te ûnderhâlden. Dat wie altyd in grut probleem. Yn de 16e iuw kaam it idee op dat dyksûnderhâld betelle wurde moast troch de hiele befolking en sa is it ek kaam."

"Harns hat ek faai stien yn 1953, yn 1954 en - as it my goed heucht -  ek yn 1956", fertelt Schroor fierder. "Foarhinne lei de stêd foar eb en floed. Tsjintwurdich trouwens ek, as de slûsdoarren iepenstean. Yn 1825 hawwe se by de Prinsenbrêge en de brêge fan de Suderhaven kearslûzen oanlein ('sassen'). Yn de jierren '50 hat it in pear kear wikkerdewik west. Se wiene benaud dat de slûzen trochbrekke soene. Ien fan de maatregels dy't yn 1961 naam binne, is de oanlis fan de gruttere kearslûs tusken de boaten en it treinstasjon."

Trefwurden: 
wettersneedramp
(advertinsje)
(advertinsje)