Bryan Smeets ferlit Cambuur, Kenny Teijsse komt

31 jan 2018 - 18:34

Fuotballer Bryan Smeets ferlit definityf SC Cambuur. It kontrakt fan de middenfjilder is direkt ûntbûn. Smeets makke ôfrûne simmer de oerstap fan De Graafschap nei de Ljouwerters. It waard neffens de klup gjin 'goed houlik', de fuotballer kaam mar tsien kear yn aksje by Cambuur.

No't Smeets op syk giet nei in oare klup, is de komst fan Kenny Teijsse nei de Ljouwerters wis. Teijsse hat op proef west by Cambuur en is no yn elts gefal oant de ein fan it seizoen ferbûn oan de klup.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)