Lutz Jacobi Grienste Politikus

12 jun 2012 - 14:49
Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

PvdA-Twadde Keamerlid Lutz Jacobi fan Wergea hat mei Rik Grashoff fan GroenLinks en Stientje van Veldhoven fan D66 de titel fan Grienste Politikus 2012 wûn. De priis is tiisdei op it Plein yn Den Haag útrikt.

Natuermonuminten hat alle trije politisy de priis jûn, omdat se har hieltyd ynset hawwe foar in better natuerbelied. De mienskiplike ynset foar de inisjatyfwet Mooi Nederland foarme dêrby in markant hichtepunt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)