Fan wa binne dizze famyljekykjes?

31 jan 2018 - 17:36

Jannette van der Ploeg út Harns fûn by de kringloopwinkel yn Frjentsjer in mapke mei foto's. It binne allegear famyljekykjes út de jierren sechtich, dy't oait - en miskien no noch wol - fan grut persoanlik belang west hawwe. Jannette wol se graach besoargje, mar wa moat se hawwe?

"Ik wil ze teruggeven aan de eigenaar, maar weet niet waar ik moet zoeken. Er staat niets achterop, dus dat is lastig zoeken." Se hat de foto's ek op Facebook en Twitter pleatst, mar noch hielendal gjin reaksjes krigen.

(advertinsje)
(advertinsje)