Eardere wetterliedinggebou Saailân fierder as Z-gebou

It wetterliedinggebou oan it Saailân yn Ljouwert © Google Maps
It âlde kantoar fan de wetterlieding oan it Saailân yn Ljouwert wurdt freed iepene as nij kantoar fan ûnder oare it enerzjybedriuw Nuon. It wurdt no it 'Z-gebouw' neamd. It byldbepalende gebou mei de klok waard boud yn 1964. Neidat de wetterlieding it gebou net mear nedich hie, waard it kantoar brûkt troch de rjochtbank. No is it sawol fan bûten as fan binnen flink oanpakt.
By de feestlike weriepening is freed ien fan de Ljouwerter wethâlders oanwêzich, mar ek ien fan de direkteuren fan Nuon. Sy sil it startsein jaan foar Waterlicht. Yn it gebou is in bewegend keunstwurk oanwêzich dat betocht is troch de ferneamde keunstner Daan Roosegaarde út Rotterdam. Nuon hiert 3000 kante meter oan kantoarromte yn it wetterliedingkantoar.