Problemen yn de bou: der moatte 55.000 boufakkers by

31 jan 2018 - 17:22

De kommende jierren moatte der 55.000 nije wurknimmers yn de bou by komme. Dat seit Gijs Lokhorst fan CNV-Vakmensen. Hy sil tongersdei om tafel mei FNV en inkele wurkjouwersorganisaasjes om te praten oer de cao-ûnderhannelingen en de problemen yn de bou. Der binne yn alle gefallen trije belangrike tema's: hoefolle moat it salaris omheech, hoe lang moatte de boufakkers trochwurkje, en hoe kin der in bettere ynstream fan boufakkers komme?

De cao-ûnderhannelingen binne yn Harderwijk. Lokhorst hat al faak by de petearen oanwêzich west, mar it bliuwt spannend foar him. "Ik sliep de nachten derfoar altyd minder, omdat de belangen grut binne."

Trefwurden: 
boufakkers
(advertinsje)
(advertinsje)