Warmerdam: "Krante is tradisjoneel moaiste ferskiningsfoarm"

31 jan 2018 - 17:12

"De basis is it ferhaal, wat binne de feiten. En dat kinst online fertelle, mar ek yn de krante. Wolst dêr wêze dêr't minsken binne. De krante is tradisjoneel de moaiste ferskiningsfoarm," fertelt Sander Warmerdam. Hy is woansdei beneamd as de nije haadredakteur fan de Leeuwarder Courant. Hy hat in soad sjoernalistike ûnderfining, mar net mei de krante.

Hy hat de wurknimmers al moete. "Dêr sit flink wat jierren erfaring en se meitsje in prachtich produkt." Wat sil hy deroan taheakje? "Ik ha in soad erfaring mei online, hoe kinne we de lêzers better berikke, ek mei fideo en animaasjes. Kin it tagonkliker en werkenberder?" Hy sil sels ek skriuwe en him yn minge yn it debat. "We sille ús sjen litte en harkje nei de lêzers."

It tal abonnees op de papieren krante rint werom, "mar sjochst wol oare abonneminten, dat minsken troch de wike op de iPad lêze en op sneon de krante op papier. It is wichtich om te witten wat yn de eigen provinsje gebeurt, minsken ha behoefte oan in betroubere krante dy't útlis jout."

Warmerdam wurke 18 jier by de NOS, ûnder oare op de ekonomyredaksje. "De kâns om yn eigen provinsje te wurkjen koe ik net foarby gean litte."

(advertinsje)
(advertinsje)