LIVE: IepenUP oer Ljouwert wetterkampioen

31 jan 2018 - 18:06

Ljouwert is wetterkampioen! Oft it no giet om skjin wetter yn de grêften, it feit dat wy drûge fuotten hawwe oft dat wy hjir de bêste wettertechneuten fan de wrâld hawwe. Wetterskippers, in wetterpanel en oare wetterspesjalisten prate dizze wike yn IepenUP oer: WETTER! Elkenien is wolkom yn poppoadium Neushoorn om mei te praten en meisjen kin fansels ek online fan 20.00 oere ôf fia de livestream hjirboppe.

Wetter, wetter en nochris wetter

Keunstner Daan Roosegaarde fertelt oer syn ljochtkeunstwurk 'Waterlicht' en hat yn de útstjoering in spesjale preview foar ús! Joop Mulder, eartiids fan Oerol op Skylge en no fan Sense of Place, fertelt watfoar rol wetter, de seespegel en klimaatferoaringen hawwe op de lânskipskeunst oan de Waadkust. Yn it wetterpanel: dykgraaf Paul van Erkelens, Fryske wetterambassadeur Pietrik Hoornstra en de klimaatstresstest spesjalist Prof. Floris Bogaard. Fierder sil Annemarie Nederhoed fan de Plastic Soup Foundation fertelle oer sop dy'tst écht net ite moatst en komt de muzyk fan de Friese popband: WIEBE! Dêrneist sille wy it noch hawwe oer fiskmigraasje ek krije wy bier fan reinwetter.

Alles kin yn IepenUP

Diskusje, optredens, lêzingen, fideo's en muzyk; yn de wyklikse talkshow IepenUP yn poppoadium Neushoorn kin alles. Alle woansdeis steane yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal; hoe libje wy mei syn allen, watfoar subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.

Elkenien kin oanwaaie komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is ek te folgjen fia Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op harren Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

Trefwurden: 
IepenUP wetter
(advertinsje)