Gaslek by graafwurk yn Appelskea

31 jan 2018 - 16:23

Oan de Yndustrywei yn Appelskea is woansdeitemiddei by graafwurk in gaslek ûntstien. De lieding wie krekt nij oanlein en it gat wie wer tichtgoaid, doe't yn de wiete grûn luchtbûltsjes opbûlen. Dêrnei waard de brânwacht alarmearre en netwurkbehearder Liander.

Under tafersjoch fan de brânwacht is de gasbuis opgroeven en dêrnei hat Liander it lek tichtmakke. Troch it ynsidint wie yn de omkriten fan de Yndustrywei in gaslucht te fernimmen.

Trefwurden: 
Appelskea gaslek
(advertinsje)