Meiwurkers Smellingerlân wol tefreden, net grutsk

31 jan 2018 - 15:27
It gemeentehûs fan Smellingerlân yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Meiwurkers fan de gemeente Smellingerlân binne net sa grutsk op har eigen organisaasje. De wurdearring foar de meiwurkers soe ek better kinne. Dat stiet yn in ûndersyk dat dien is troch buro Effectory. Neffens dy meiwurkers skoart de gemeente wol goed as it giet om gearwurking fan de amtners ûnderling en de wize fan liedingjaan. De meiwurkers waard ek frege nei wille yn it wurk. Dan skoart Smellingerlân in 7,1. Dat is 0,2 persint minder as it lanlike sifer. Fierders docht bliken dat meiwurkers harren fit fiele en dat se harren feilich fiele op it wurk. Tagelyk stean net alle amtners foar 100 persint efter de doelen fan de organisaasje en fielt net elk him wurdearre.

Fiif jier lyn kaam Smellingerlân yn it nijs, doe't in groep meiwurkers alarm sloech en sei dat der sprake wie fan in eangstkultuer. Neffens ûndersykburo Berenschot spile dat benammen op twa ôfdielingen. De lieding op dy ôfdieling hie net genôch oandacht foar de problemen, sa wie de konklúzje. Ut it tefredensheidsûndersyk dat no hâlden is, docht bliken dat amnters yn Smellingerlân it dreech fine om elkoar op harren gedrach oan te sprekken. De gemeente skoart op dat punt in 5,1. It lanlik sifer is in 6.2.

Trefwurden: 
gemeente Smellingerlân
(Advertinsje)
(Advertinsje)