René Hake: "We gaan stappen maken richting eredivisie"

31 jan 2018 - 15:04

René Hake is bliid dat er nei moannen de fuotten wer op it gers sette kin. "Kunstgras in dit geval." Dat sei er woansdei by de parsekonferinsje. Hy kin him goed fine yn de ideeën fan Cambuur. Earder op de moarn makke de Ljouwerter fuotbalklup bekend dat er de nije haadtrainer is. Hy hat in kontrakt tekene foar oardeljier.

"Ik heb een goed gevoel bij de spelers en de staf. We gaan stappen maken richting eredivisie. Er zijn de laatste weken al goede stappen gemaakt en dat gaan we verder uitbouwen. Dat is een mooie uitdaging. Met veel genoegen en veel plezier ga ik hier werken." Ek wie er posityf oer de supporters. "Cambuur is een volksclub met een fanatieke supportersschare. Het publiek kan en moet de extra steun zijn."

Technysk manager Foeke Booy betanke Sipke Hulshoff foar de lieding fan de ôfrûne wiken. "Met veel passie en overtuiging is dat gedaan." Hy joech oan bliid te wêzen mei de nije haadtrainer, dêr't de klup de tiid foar nommen hat. "We hebben goede en leuke gesprekken gehad en zijn visie past bij het DNA van onze club. Hij is inhoudelijk uitstekend in staat om de kar te trekken."

(advertinsje)