Drachtster fytsbrêge De Slinger is net mear stabyl

31 jan 2018 - 14:56

Fytsbrêge De Slinger yn Drachten oer de Noarderhegewei is net mear stabyl. Nei kontrôles docht bliken dat de kabels, dêr't de brêge oan hinget, te bot útrekt binne. Dêrtroch kin dy út balâns reitsje. Benammen oan de westkant fan de brêge, boppe de fiver, is de brêge ferskood. Dêr moatte de kabels fernijd en ynkoarte wurde. Dêrfoar wurdt in oannimmer ynskeakele. Mei help fan krikken bringt dy de brêge wer yn de goede posysje. Dêrnei folget it wurk oan de kabels.

Neffens de gemeente heart it by dit type fytsbrêge dat dy yn beweging is, allinnich giet dat no te bot. Wilens de wurksumheden bliuwt de brêge iepen foar fytser en kuierders. Wol kinne dy út en troch wat lêst hawwe fan it wurk. Wannear't de oannimmer mei it stabyl meitsjen fan De Slinger begjint, is noch net bekend. De fytsbrêge yn Drachten waard tolve jier lyn oanlein.

(advertinsje)