Dijkstra-Draisma wint priis

12 jun 2012 - 14:38

Bougroep Dijkstra-Draisma út Dokkum en Boalsert is foar de tredde kear útroppen ta 'Best Managed Company'. Dat is de ferkiezing fan it bêst late bedriuw yn it midden- en grutbedriuw. De ferkiezing wurdt organisearre troch ûnder oare Deloitte en VNO/NCW.

Der wiene mar 72 bedriuwen dy't troch de seleksje hinne kamen en de bougroep wie de iennichste út Fryslân. De ferkiezing rjochtet him op bedriuwen dy't net op de beurs binne en in omset hawwe fan minimaal 10 miljoen euro.

Trefwurden: 
Dijkstra Draisma
(advertinsje)
(advertinsje)