Anne Tauber en Erik Jan Kooiman winne Alt. Alvestêdetocht

31 jan 2018 - 14:13

Anne Tauber fan Oranjewâld hat de 30e edysje fan de Alternative Alvestêdetocht wûn. Iris van der Stelt út Sassenheim waard twadde, âld-Haulster Elma de Vries tredde. Tusken de trije froulju siet op de einstreek hieltyd in ferskil fan goed fyftjin sekonden. Aggie Walsma fan Boalsert waard fjirde, Bianca Bakker fan Wynjewâld fiifde.

By de manlju gong de winst nei Erik Jan Kooiman. De Lekkerkerker kaam nei 200 kilometer ek solo oer de einstreek. Bart Mol út Wognum waard twadde, Frank Vreugdenhil tredde.

It hiele reedrydsirkus yn Eastenryk is fansels mear as it iepen NK, de Alternative Alvestêdetocht en de Aart Koopmans Memorial fan takom sneon. Dat binne de wedstriden foar de toppers. Der binne ek fjouwer alternative Alvestêdetochten tochten oer 200 kilometer foar de toerriders. Cor Faber fan It Hearrenfean komt al tweintich jier op de Weissensee. Hy is benammen dwaande mei de redens fan de dielnimmers: slypje en meitsje.

Arjan Stroetinga foel út by de wedstriid. Fysioterapeut Durk Fabriek sei dêroer: "De lêste dagen hat der in protte hektyk bûten ús ploech west. Arjan hat hjoed in goede wedstriid riden. Hy hie materiaalpech en dêrtroch moast er it oerjaan. Mar hy hat safolle ûnderfining en bliuwt rêstich, dat ik tink dat er sneon wol goed is."

(advertinsje)
(advertinsje)