FIDEO: Darter Danny Noppert makket him op foar de PDC

31 jan 2018 - 19:01
  • Darter Danny Noppert makket him op foar PDC
  • Danny Noppert

Darter Danny Noppert fan De Jouwer makket dit wykein syn opwachting op it heechste nivo yn de dartsport: De PDC-toer. Dat is de earedifyzje fan it darten mei toppers as Raymond van Barneveld en Michael van Gerwen. Noppert is sûnt ein ferline jier fullprof, hy hat syn baan opsein, en wol him de kommende twa jier bewize yn de PDC. Hy moat in soad traine, en dat docht er yn de kroech mei reisgenoat en trainingsmaat Mats Gies.

(advertinsje)