Geheim fan in platinahoulik: "Nea mei spul op bêd gean"

31 jan 2018 - 13:14

Se troffen elkoar op de dûnsflier om de kapitulaasje fan Japan te fieren. Dêrnei rekken se elkoar net mear kwyt. It pear Faber-Ferwerda út Gytsjerk fiert woansdei de 70-jierrige troudei. In platinajubileum dat yn de earste jierren flink op de proef steld waard. Sa waard Jan Faber nei Ynje stjoerd om te fjochtsjen. Alle dagen skreau hy in brief nei syn frou Klaasje en lytse poppe.

Se krigen seis bern yn it hûs dat Faber sels boude. Wylst Klaasje op de bern paste, dûkte Jan yn alderhanne klups en kommisjes. Hy waard riddere en krige in wichtige ûnderskieding foar amateur-archeologen. It pear reizge faak nei Skandinavië om de stiennen te finen dy't nei de iistiid yn De Trynwâlden bedarren. Mei elkoar makken se 160.000 fakânsjekilometers. Neffens frou Faber is it geheim fan harren lange houlik dat se nea mei spul op bêd gean.

(advertinsje)
(advertinsje)