Schuil/Nummerdor nei finale

12 jun 2012 - 14:28

Beachfollyballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor hawwe de finale helle fan it grandslam-toernoai yn Moskou. Yn de heale finale wûnen de Nederlanners mei 2-1 fan Ricardo Santos en Pedro Cunha út Brazilië. De setstannen wiene 21-16, 22-24 en 17-15.

Schuil en Nummerdor krigen yn de twadde set al de kâns om it ôf te meitsjen, mar dat slagge net. Yn de tredde set krigen se sels in wedstriidpunt tsjin, mar dat oerlibbe it Nederlânske duo. Yn de finale moatte Schuil en Nummerdor it opnimme tsjin de Brazilianen Cerutti en Rego.

(advertinsje)
(advertinsje)