LDODK en sponsor net bliid mei útspraak Reclame Commissie

31 jan 2018 - 12:33

Kuorbalklup LDODK moat de sponsor wijnvoordeel.nl fan it shirt helje. Dat seit de Reclame Code Commissie (RCC). Yn desimber tsjinne it Nederlânske ynstitút foar alkoholbeleid (STAP) in klacht yn by de RCC, om't der neffens harren drank promoate wurdt op it shirt en dat is ferbean. Wijnvoordeel.nl is ien fan de haadsponsors fan LDODK en beide partijen binne dan ek net bliid mei de útspraak. "Wy hiene dit noait oankommen sjoen", seit foarsitter Gouke de Vries fan de kuorbalklup. "Wijnvoordeel.nl is gjin wynmerk, mar in webside dy't wyn ferkeapet." Jacco Oosterhof, direkteur fan de online wynferkeaper, fynt foaral de regels net dúdlik genôch. "De Amstel Gold Race en de Jupiler League meie wol. Dy ynternasjonale merken kinne dus wol alles dwaan, mar in lytse online winkel wurdt op dizze wize pest. Ik soe graach sjen dat de regels feroare wurde fan de RCC."

De Vries en Oosterhof lizze harren dan ek net del by de útspraak. Se hawwe in advokaat yn 'e earm nommen. "Wy binne as amateurferiening al lang bliid dat we yn dit bedriuw sa'n moaie sponsor fûn hawwe. No moatte we al ús klean opnij drukke litte. Dat is skande fan it jild." Wylst wurdt der ek sjoen nei oare opsjes. "We binne kreatyf genôch om hjir wat op te finen." Wat dat is, moat noch útsocht wurde.

By Sport Fryslân binne gjin oare gefallen bekend fan sportklups mei soartgelikense problemen. Wol jout direkteur Anne Jochum de Vries oan it tige spitich te finen foar de belutsen partijen: "Ik wit fan beide partijen dat se in grut hert hawwe foar sport en dus foar sûnens. Fansels binne wy foar de skieding tusken sport en drank, mar ik ha de regels fan de RCC besjoen en ik snap dat sawol LDODK as wijnvoordeel.nl hjir gjin problemen yn seagen. Ik hoopje dat it sponsorskip bestean bliuwt, want it kin tige lestich wêze om sa'n moaie sponsor te finen." Oan oare sportklups dy't yn sa'n situaasje terjochte komme kin, advisearret De Vries: "Sykje earst goed út oft alles neffens de regels giet, foardatst alle klean bedrukke litst. Check it by de RCC of skeakelje ús yn."

(advertinsje)
(advertinsje)