RetailPlan krijt tik op de fingers oer plan Easterwâlde

31 jan 2018 - 12:01

Supermerkûntwikkelder RetailPlan út Drachten hat in tik op de fingers krigen fan de Ried fan Steat. It bedriuw hie heger berop oantekene tsjin it beslút fan de gemeente Eaststellingwerf om gjin Aldi-supermerk ta te stean op it Jonge Poerikterrein yn Easterwâlde. RetailPlan besocht mei in juridyske trúk om de gemeente te twingen dochs in fergunning ôf te jaan.

Yn de wet stiet dat as in gemeente te let reagearret op in fergunningsoanfraach, de gemeente yn dat gefal automatysk akkoart giet. Troch bewust in dizich stik nei de gemeente te stjoeren, besocht RetailPlan dat út te lokjen, mar de Ried fan Steat weefde der mei ôf.

(advertinsje)
(advertinsje)