Acht oanfragen foar garânsjefûns fan LF2018-produksjes

31 jan 2018 - 11:54

Foar it garânsjefûns fan Kulturele Haadstêdaktiviteiten binne oant no ta acht oanfragen dien. De provinsje, gemeente Ljouwert en it Fûns Poadiumkeunsten hawwe ien miljoen euro yn it fûns stutsen. It is bedoeld foar aktiviteiten dy't ôfhinklik binne fan kaartferkeap om foar te kommen dat organisatoaren yn it foar yn de finansjele problemen komme. De oanfragen binne dien foar Finestra Aperta, Opera Spanga, Strangers on stage, Lost in the greenhouse, De bestimming, De klokken fan Berltsum, Lûd fan de Middelsee en Marijke Muoi, foar mei elkoar in bedrach fan hast fiif ton.

As aktiviteiten winst meitsje, moat dat dield wurde mei de garânsjeferstrekkers. It útferkochte muzykteäterspektakel De Stormruiter hat úteinlik gjin oanfraach dien foar in garânsje. De útferkochte foarstelling Marijke Muoi hat wol in oanfraach dien, mar sil noch besjen oft se it jild ek brûke sille. Pas as se it jild brûke, moat der dield wurde yn de winst.

(advertinsje)
(advertinsje)