Sander Warmerdam is nije haadredakteur Leeuwarder Courant

31 jan 2018 - 11:36

Sander Warmerdam út Snits wurdt de nije haadredakteur fan de Leeuwarder Courant. Dat meldt de krante op syn webside. De 45-jierrige Warmerdam waard berne yn de Bollestreek, mar groeide op yn Stiens. Dêr wie er ûnder oare frijwilliger by Radio Middelsé.

By syn stúdzje Amearikanistyk rûn er staazje by NOS-korrespondint Charles Groenhuijsen yn Amearika. Doe't er weromkaam yn Nederlân gie er oan de slach by de NOS, dêr is er op dit stuit einferantwurdlik foar de webside. Sander Warmerdam is de opfolger fan Hans Snijder, dy naam ein ferline jier ôfskied fan de krante.

Ried fan kommissarissen Omrop Fryslân

Troch de beneaming by de Leeuwarder Courant, hâldt Warmerdam fuortendaliks op as lid fan de Ried fan Kommissarissen (RfK) fan Omrop Fryslân. 

(advertinsje)
(advertinsje)