Finster op Fryslân krijt provinsjale stipe foar dit jier

31 jan 2018 - 11:31

De provinsje stipet it sjoernalistike gearwurkingsferbân 'Finster op Fryslân' foar dit jier mei in subsydzje fan 280.000 euro. It jild is bedoeld foar sjoernalistike produksjes, dêr't de minske sintraal yn stiet. Neffens deputearre Sietske Poepjes moatte de produksjes yn byld bringe wat de gefolgen fan politike beslútfoarming foar de ynwenners binne. ''It giet om it nijs efter it nijs'', seit Poepjes.

Finster op Fryslân is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, Leeuwarder Courant en Friesch Dagblad en bestiet sûnt 2015.

(advertinsje)
(advertinsje)